Slagge karaokefeest foar klasse 2 yn Zero
Foar de twadde klassers wie der op freed 26 jannewaris in karaoke-danceparty. De twadde klassers koenen allegear yn jongereinsintrum Zero yn Dokkum komme. Net alle twadde klassers koenen komme, om't der ek klubstriid yn in pear doarpen wie.De entree wie €2,50 en dan krigest noch twa konsumpsjes foar drinken derby. Fierder koest ek noch sjips en snoep krije. Yn de seal stienen noch banken en spultsjes. De measte jonges wienen oan it tafelfuotbaljen. Der wie ek in karaokeshow, dan moast in formulier ynfolle en dan koest meidwaan. Der wienen bêst wol folle dy't oan de karaokesjo meidienen en dat wie wol leuk.
Ûndertusken wienen der ek allegear fammen en jonges oan it dûnsjen. En der waarden foto’s makke, ek fan de karaokesjo. Op it lêst dienen der twa leararen mei, menear Hansma en menear Dijkstra. Se dienen it ferske 'Paradise by the dasboardlight' en se koenen goed sjonge, alderraarst! Se gienen hielendal út harren dak. De fammen dy't oan de karaokesjo meidienen, dienen Ingelske en Nederlânske ferskes nei, hiel leuk.
Der wienen ek in pear jonges yn it gongkje en doe wie der in jonge, Leo Jongsma, dy wie tsjin in doar oanrûn en doe hie hy in hiele grutte bult op syn holle. Hy koe blykber it gat fan de doar net fine. Of je kinne de doar earst ek iepen dwaan.Mar de klassejûn wie fierder hiel leuk, ek al wie der al hast wer ôfrûn. Der gienen ek alwer in pear nei hûs ta. Se songen noch in slotferske, der wienen noch in pear oan it dûnsjen en doe wie it alve oere. De measten gienen nei hûs ta, want guon waarden ophelle troch harren mem of heit. Doe wie de klassejûn dien en gie elkenien nei hûs ta. It wie in moai feest.
Annelies Zijlstra
En se koenen moai sjonge!
1 opmerking:
ik wie net tsjin de door opronnen xD
Een reactie posten