In petear mei plysjeman en fierljepper Bart Helmholt
Op twa febrewaris, it twadde oere fan de Fryske les, binne wy, Sven en Dictus, nei de plysje ta west om fierljepper en plysjeman Bart Helmholt in pear fragen te stellen. We fytsten derhinne mei in net sa'n lekker gefoel, want we wiene bêst wol in bytsje senuweftich. Doe’t we der wiene, gie it wol wer.We hawwe ús earst by de baly melden. Dictus frege oft Bart Helmholt ek oanwêzich wie. Earst wie hy der net sei de meiwurker, mar in pear sekonden letter sei de man dat Bart der dochs wol wie. De man efter de baly belle efkes nei Bart Helmholt om te sizzen dat der twa skoallebern in petear mei him hâlde woene. Wy moasten mar efkes wachtsje sei de man. Wy gienen nei Bart syn kantoor ta. Wy kamen dêr oan en it wie fuort in gesellige sfear, want hy hie piratemuzyk foar de radio. De muzyk stie trouwens aardich lûd. Nei in moai stikje muzyk hawwe we in petear mei Bart hân, wy hawwe him tsien fragen steld oer fan alles en noch wat. Lês mar.
1. Hoe fine jo it wurk by de plysje?
Hartstikke moai, it is ôfwikseljend wurk, om't je net ienris witte wat de kommende fiif minuten bringe sille.
2. Wat fine jo fan it fierljeppen?
It is de moaiste sport fan Nederlân, ek foar it publyk, om't der altyd aksje is. Der binne nammentlik trije skânsen.
3. Hoe fier binne jo fan plan te springen it kommende jier?
Ik wol it Nederlânsk rekord fan Jacco de Groot fan 20,14 meter ferbetterje. In ôfstân fan 20,75 meter liket my wol wat.
4. Hoe lang wolle jo trochgean mei it fierljeppen?
As ik fit bliuw, kin ik noch hiel lang mei. Mei dat net slagje, dan hâld ik der earder mei op.
5. Is it fierljeppen foar de sportbegrippen net in te lytse sport?
Klopt, it is in lytse sport. Mar dat makket it fierljeppen ek wer spesjaal.
6. Is it fierljeppen in sport dy't in oerlibbingskâns hat? Is der wol animo wat de jeugd oanbelanget?
Ja, dat tink ik wol. Se wolle der in tredde klasse by hawwe. Dizze is foar de jongste jeugd dy't noch net hiel fier springe kin. Minsken dy't noch net oan it fierljeppen ta komme, kinne meidwaan oan regionale wedstriden.
7. Wat foar technyk brûke jo?
Ik bin goed yn it klimmen. As je my fergelykje mei in Hannes Scherjon dan kinne je sjen dat hy it bettere útsprong as my hat, mar dat ik de bettere klimmer bin.
8. Hawwe jo ek in motto?
Wille yn de sport is foar my it foarnaamste.
9. Hawwe jo ek noch oare hobby’s? Sa ja, hokker?
Ja, ik mei graach fuotbalje, surfe, meidwaan oan survivalruns en skeelerje.
10. Wat is jo miening oer it Dockinga Kolleezje?
Op it stuit is der wolris rûzje! En troch de mobile tillefoan hawwe je samar in hiele groep. De rûzje fan in pear wiken werom is troch de skoallen goed oppakt.
Nei it petear hawwe we Bart bedankt. Hy sei dat it hartstikke leuk west wie! Nei ôfrin hawwe we de fyts wer pakt en binne we nei skoalle fytst.
Sven de Jong & Dictus Hoeksma
Geen opmerkingen:
Een reactie posten