Lytse rotsjes berne yn it biologylokaal
Lytse rotsjes binne der berne op woansdei foar twa wiken. De twa rotsjes sitte by mem en heit rôt yn. It giet hiel goed mei harren. In pear wiken dêrfoar is der ek in rotsje berne, mar dêr is de kop fan ôfbiten troch heit rôt.
No wie mefrou Jansen der op tiid genôch by. Lokkich wiene der no twa rotsjes berne, dat is dus dûbel sa moai. Se sitte no mei syn allen yn de koai. We koenen wol fiif rotsjes yn de koai hawwe, mar om't er 3 dea gien binne, dus net (spitich genôch). We hawwe der no twa in en dat wolle we graach sa hâlde of der moatte noch mear komme. Dat soe ek wol leuk wêze.De rotsjes kinne jim net sjen op de foto, om't se ferstoppe binne; hielendal ûnder yn de koai. Dêrom haw ik mar in foto naam fan de mem en heit rôt. Op dizze foto binne se gewoan mar wat oan it rûnrinnen.
Wat sille we mei de lytse rotsjes dwaan as se grut binne en fuort kinne ? Hâlde we se dan of geane se fuort? Ik wit it net. Mar safier is it noch net. We sille wolris hearre. Ik hoopje dat se noch lang libje meie.
Martijn Hoekstra
Geen opmerkingen:
Een reactie posten