Winterberg, in hiel leuk reiske mei in soad wille
Op 9 febrewaris is in diel fan de fjirde klassers nei Winterberg ta west. Om 5.04 oere gong de bus fanút Dokkum rjochting Winterberg. Je soenen sizze dat dit nochal in lange reis wie, mar dat foel bêst wol mei. Yn de bus hawwe we in soad wille hân.
Der waarden op de hinnereis twa films draaid. Hokfoar films dat is ús net sa by bleaun, we leinen noch heal te sliepen! Rûn 11 oere wienen we einlings yn Winterberg oankommen. De begeleiders wienen mefrou Van der Wal, menear Sterrenburg, mefrou Steenbeek, menear De Haan en mefrou Strikwerda. Menear De Haan en mefrou Strikwerda moasten eefkes wat regelje en doe't se werom kaamen bliek dat we net sa’n ein langlaufe koenen. Mar twa kilometer. Ek al wie dat al in hiel ein, we soene wol 8 km. Hjir wie wat heibel oer en doe moasten se ek noch wol yn it Dútsk werom fûterje.
We waarden yn twa groepen opsplitst. De iene groep gong earst te langlaufen en de oare groep gong te slydzjen. Dit wie natuerlik ek net raar foar de ôfwikseling. We hienen ûnderweis in soad wille. Sa wienen der ferskeidene dy’t net hielendal op hun skys stean bliuwe koenen. Dit seach der natuerlik raar út. Ek by it slydzjen gie it raar! De ien nei de oare fleach op in foarbygonger. Sels mefrou Strikwerda hie net hielendal kontrôle oer har slide, sa fleach se sa in skyhûske yn.Sa gong de dei mei in soad wille gau foarby en moasten we heech noadich werom nei ús fertroud plakje Fryslân. Yn de bus waarden wer ferskeidene films draaid. Nei twa films wie der in tuskenstop yn Nijmegen. Eefkes lâns de McDonalds. Doe we dêr wei kamen wie der wer tiid foar in film. Dit wie gjin gewoane film, mar in jank film: Pearl Harbor, in oarlochsfilm. Mefrou Strikwerda hat ferskeidene bûsdoekjes útdield. En dy waarden ek brûkt! Se soe mienden wy ek noch mei in twadde rûnte komme, mar wêr’t se bleaun is? Miskien hat se se sels wol brûkt! We wienen rûn 10 oere werom yn Dokkum.
It wie in hiel leuk reiske, dit moasten wy einliks faker dwaan!
Groetnis,
Beitske Bûterblom
Geen opmerkingen:
Een reactie posten