2/17/2007

Learlingen fan it Dockinga yn finale FeRstival

Op 10 november waard de heale finale fan de Fryske foardrachtswedstriid FeRstival holden. Alle twaddeklassers moasten dêrfoar in gedicht útkieze en harren gedicht foar de klasse foardrage. Foar 29 septimber moasten wy it gedicht ut ‘e holle kinne. It hat ûngefear 2 wiken duorre foar ‘t elkenien it gedicht foardroegen hie. De trije bêste út ‘e klasse mochten meidwaan oan de heale finale fan FeRstival.

De trije learlingen út klasse 2A en 2B dy ‘t útkeazen waarden, wienen: Wietske Brouwer mei it gedicht 'Heit', Martijn Hoekstra mei it gedicht 'Sprekbeurt' en Louwineke Jongeling mei it gedicht 'Heit'. Natuerlik mochten dizze trije leerlingen sels witte oft se meidienen. Martijn Hoekstra liet it ôfwitte. Mar Wietske Brouwer en Louwineke Jongeling (wy dus) woenen wol meidwaan.

Nei 7 wiken oefenjen, wie it safier. De grutte dei bruts oan en mei ús gongen Janna de Jong, Vera Poortinga, Jolanda de Jong, Gerda Schoorstra, Pieter-Tseard Swart, Dictus Hoeksma, Joke Keegstra en Johan-Dirk van der Schaaf nei Burgum ta foar de heale finale. Rûn 1 oere gienen we by skoalle wei. Nei ûngefear in heal oere wienen we yn Burgum. We wienen net de ienigste dielnimmers. Der wienen learlingen fan ferskate skoallen út de omjouwing fan Burgum.

Om 5 oere kaam de jury werom fan berie. En hienen se de útslach. Fan it Dockingacollege gienen Joke Keegstra, Vera Poortinga en Janna de Jong (sjoch foto f.l.n.r.) troch nei de finale. Der wiene wol regels oan ferbûn. Se moasten in nij gedicht útsykje foar de finale. Se koenen in gedicht utsykje út in âld FeRstivalboekje, mar se koenen ek nei Menear de Vries ta gean en in ûnderwerp oan him trochjaan. Dêr woe hy dan wol in gedicht oer probearje te meitsjen.

Menear De Vries hie ek al in gedicht foar it FeRstivalboekje skreaun. Dat giet as folget:

Sprekbeurt


Moarn mat ik in sprekbeurt dwaan
Mar ik ha noch neat
Gjin idee wêr’t ik it oer hawwe sil
It komt op ‘e kop ferkeard

Moarn moat ik in sprekbeurt dwaan
Ik sko it al wiken foar my út
Moarn kin it ommers ek noch wol
Mar no gean ‘k moarn wol op myn snút

Fannacht waard ik wekker
Baaiend yn it swit
Ik stie foar de klasse
Yn myn himd, want ik wist niks

“Ik doch myn sprekbeurt oer de stilte”
Ja, dat is nochris in goed idee fan my
Dan kin net ien der wat fan sizze
As ik tsien minuten swij

Moarn moat ik in sprekbeurt dwaan
Ik moat no echt teset
Ach, dy man wit neat fan kompjûters
Witst wat? Ik helje ien fan ynternet

Fan ‘e moan haw ik myn sprekbeurt dien
En hiel goed, sei master krekt
Dochs krige ik in dikke ien
Want hij hie ‘m alris earder heard


Ynterview mei finalist Janna de Jong út 2C.

1. Do hast meidyn oan FeRstival hoe foenst dat?
Wol leuk, mar ik wie wol aardich senuweftich! Mar ik bin bliid dat ik safier kaam bin.

2. Hokker gedicht hast de earste kear dien?
De earste kear (yn de foarrondes) haw ik it gedicht 'Sprekbeurt' dien. Leuk gedicht, mar skande dat hast elkenien dat gedicht die.

3. Hoe wy dyn juryrapport en wat fûnst derfan?
Ik hie wol aardich goeie en in protte punten, oars wie ik ek net trochgien. Ik fûn it sels ek wol aardich goed.

4. Doe’st heardest datst nei de finale ta giest, wat tochsto doe?
Ik skrok en sei: IK!? Ik hie de triennen yn myn eagen en ek wie ik bliid dat ik net iennichste wie fan ús skoalle dy ‘t trochgie.

5. Wat fûnst fan dyn nije gedicht dat menear De Vries skreaun hie?
Geweldich, it wie echt in geweldich gedicht. Ik hie sels wurden jûn dêr’t ik it oer hawwe woe! En dat is slagge.

6. Wiest senuweftich yn ‘e finale?
Ja, ik wie echt senuweftich, ik hie san pine yn ‘e búk! Doe ‘t ik it foardrage moast trille ik de hiele tiid.

7. Wie it in teloarstelling datst net wûn hast?
Nee, it wie wol bêst genôch. Natuerlik soe ik wol winne wolle, mar der wienen guon better as my.

8. Binne Joke of Vera winner wurden?
Nee, allebeide hawwe it ek hiel goed dien, mar ek net goed genôch om te winnen!

Wietske Brouwer en Louwineke Jongeling

Geen opmerkingen: