22 jannewaris, in dei om by stil te stean
Moandei 22 jannewaris 2007. In hiel gewoane dei of dochs net? Nee, want de flagge hinget healstok. En dat hat fansels in reden. Foar dy reden moat ik jim mei werom nimme nei de Twadde Wrâldkriich 1940-1945. Yn it jier 1945 op 22 jannewaris waarden tweintich willekeurige en ûnskuldige minsken delsketten troch de besetter. It gie hjir om in ferjildingsmaatregel. Wêrom dienen de Dútsers dit? It wie sa dat in fersetsman, de apoteker fan Dokkum, oppakt wie troch de de Dútsers. Hy hie oan syn maten yn ’t ferset al ris sein dat er net foar himsels ynstean koe as hy oppakt waard. It ferset hat dizze man befrije kinnen mar dêr kamen al twa Dútsers by om it libben. Foar elke Dútser moasten der 10 Nederlanners stjerre. En sa barde it dat dizze 20 ûnskuldige minsken fusillearre waarden. Dat barde oan ’e Wâldwei yn Dokkum. It wie in ferskriklik barren wat doe fansels in djippe yndruk makke op ’e Dokkumer befolking.Ta neitins oan dizze minsken dy it slachtoffer waarden is der in monumint makke (sjoch foto). En alle jierren op ’e nij wurdt der betocht wat der doe bard is. Us skoalle hat dit monumint adoptearre en docht dus ek alle jieren mei oan dizze betinking. In oantal klassen wurdt derfoar oanwiisd en leit op dizze dei, mei boargemaster Cazemier in krâns by it monumint. Spitigernôch wie ús klasse der net by. Dat ik dit sis, jout al in bytsje oan hoe’t ik deroer tink dat der nei mear as sechstich jier noch altyd oandacht foar is. Ik fyn dat alle minsken dit foarfal betinken bliuwe moatte. It is net neat wat der bard is. Ik tink ek dat it goed is foar de neibesteanden dat se witte dat elkenien mei harren meilibbet. Ek is it belangryk omdat dit nea wer barre mei.
Want kinne jim it jim foarstelle dat op dit momint 20 minsken delsketten wurde soene? De betinking fan de hiele Twadde Wrâldkriich moat fansels ek bliuwe. Dat de wrâld oait noch ris fredich wurdt!
Hindrik Woudstra
Geen opmerkingen:
Een reactie posten