Wii en Xbox360, de nijste spultsjekompjûters
Yn dit artikel fertel ik wat mear oer de nijste spultsjekompjûters.De Wii
De ‘Wii’ is de nijste spultsjekompjoeter fan Nintendo. De Wii hat in hiele spesjale bestjoering mei in soarte fan ôfstânsbetsjinning: de ‘Wii-remote’. De Wii-remote makket gebrûk fan bewegingsgefoelige sensoaren, wêrtroch it apperaat fiele kin hokfoar bewegings asto makkest. Bygelyks by in tennisspultsje moast ek echt slaan. Op de Wii kinst Wiispultsjes spylje, mar ek Gamecubespultsjes. Kinst der ek noch mei ynternette, foto’s bewurkje, it waar sjen en it nijs sjen.
Sels haw ik foarrich jier ek in Wii kocht. Dizze Wii kinst net samar út de winkel helje. Der binne mar in pear te keap, moatst al fier fan te foaren oanjaan datst in Wii keapje wolst en dan kinst in plakje krije op in soarte fan wachtlist. Sa haw ik it ek dien yn Dokkum. Op dat stuit wiene der mar tolve Wii’s yn Dokkum te krijen. Der komme no hieltiten mear Wii’s op ‘e merke. De Xbox360
De Xbox360 is de opfolger fan de Xbox. De Xbox360 is makke troch Microsoft. De Xbox360 hat benammen sjitspultsjes mar der binne ek útsunderings lykas ‘Viva Pĩnâta’, dêrby moatst dyn eigen tún meitsje en der allegear Pĩnâta’s nei ta lokje. De Xbox360 kin hiel maklik op ynternet. Dan moatst it kabeltsje fan ynternet yn de Xbox360 dwaan. Dan kinst op Xboxlive. Der binne twa foarmen fan abonnemint: it 'silver'- en it 'gold'-abonnemint. It 'silver' -abonnemint is fergees. Dêrmei kinst demo’s delloade. Mei it 'gold'-abonnemint kinst foar € 5,00 yn ‘e moanne spultsjes multiplayer spylje.
De p.c.
De p.c. is it meast brûkte apparaat foar it spyljen fan spultsjes. Op de p.c. fynst alle soarten spultsjes fan sjitspultsjes oant strategyske spultsjes. It nijste bestjoeringssysteem fan Microsoft is Vista. Op allerhanne manieren wurdt op dit momint reklame makke foar dit nije systeem. Op de Windows Vista komme spultsjes út mei hiele moaie graphics. Ik tink dat dit nije bestjoeringssysteem de kommende jierren in hiel soad ferkocht wurde sil.
Johan Dirk van der Schaaf
Geen opmerkingen:
Een reactie posten