2/17/2007

Pianist Robert Poortinga wint poadiumjûn

DOKKUM - Fol bewûndering folge in útferkochte IIsherberch ôfrûne freed de ferrjochtings fan Robert Poortinga op piano. Mei syn eigen ferzje fan muzyk út ‘The Gladiator’ waard hy de oertsjûgjende winner fan de achtste Poadiumjûn fan it Dockingacollege VMBO-Theoretisch.

Mar leafst njoggen moanne hat Robert, dy’t yn klasse 4 sit, oan it stik wurke en dat wie te hearren. Hy pakte it publyk likegoed as de sjuery hielendal yn mei syn fleugelde spel. Hy brûkte hjir en dêr sels in trijehannetechnyk. Net foar neat hat hy krektlyn dan ek in útnoeging krigen om nei syn eksamen yn New York studearjen te gean.

Tegearre mei Janna de Jong út 2C wûn Robert ek de publykspriis. Hy begeliede Janna by it ferske ‘Omdat je bij me blijft’ dat se, neffens de sjuery, noch moaier song as de oarspronklike sjongeres, Idols-finaliste Maud.

En dat wienen noch mar twa fan gâns hichtepunten fan de jûn. De sjuery, besteande út lokaasjedirekteur Tjeerd Frans Smits, muzykdosint Johan Boeijenga, mem Tettie Stiemsma en âld-winneres Iris van de Weide, hie it er mar dreech mei. Tsjûge ek de dielde twadde en tredde priis dy’t se takenden.

Neist de publyksprijs krige Janna de Jong (sjoch foto) nammentlik ek de twadde priis tegearre mei Janke Trientsje Dijk út klasse 1D. Janke Trientsje die it troch harsels skreaune liet ‘Zo raar’, dat se prachtich song. It soe samar in hit wurde kinne, want it leit lekker yn it gehoar en se krige de hiele seal mei.

Dat lêste jilde ek foar Anne Martin Koree, Wieger Dijkstra en Timo Visser. Sy namen alle trije harren drumstel mei op it poadium en soargen foar in ymposant drumspektakel, dat úteinlik goed wie foar in dield tredde plak.

De oare tredde priis gie nei de band Black Scepter dy’t ek mei in eigen nûmer kamen. It heftige ‘War Monger’ waard troch de sjuery priizge om har moaie útfiering. Alle bandleden, mei sjonger/gitarist Lieuwe Ferwerda (4B) foarop, droegen dêr in stevig stientsje oan by.
Datselde koe trouwes ek sein wurde fan it nûmer ‘She-wolf’ fan de band Angeldust mei de bruorren Henri (4B) en Auke-Siebe van der Ploeg op gitaar. Sy foelen lykwols krekt bûten de prizen.

Ek inkelde dûnsacts smieten hege eagen by de sjuery, lykas Esther, Jildau & Douïna, de enerzjike Rinske & Baukje út klasse 4 en Paulien, Doortje, Anique & Akke. Dit lêste fjouwertal hie in moaie act, kompleet mei stokgetrommel, op het ferske ‘Knock on Wood’ fan Safri Duo. En ek de oare dûnsacts mochten der wêze, lykas de sensuele dames fan ‘X’ út de fjirde klasse, Jelly Wiersma en Alice Faber út 2D mei ‘What A Feeling’ en de dappere earsteklassers Nelie, Laura, Inez, Linda & Margryt, dy’t in hiele leuke act hienen.

Oan it hege nivo fan de Poadiumjûn dit jier waard ek bydroegen troch de sjongtalinten Femke Hoekstra (4D) en Nasra Yonis (2A). Beide fammen waarden by harren lieten prima begelaat troch de skoalleband. Nettsjinsteande har ferkâldheid song Femke ‘This is the last time’ (fan Keane) hiel goed en ek Nasra die de titel fan it ferske ‘Beautiful’ (fan Christina Aguillera) eare oan mei har moaie waarme sang. Mar ek de sang fan Anneke Rickal (4B) en it duo Elisa Wouda & Gerda Sierksma (2C) mei hjir wat dat oanbelanget net ûnfermeld bliuwe.

Foar fleur waard soarge troch Jeanette Geertsma (3E) & Sietske Douma (4F) mei ‘De Leuterlijn’, de Pussycat Dolls mei Gerard Dantuma yn de haadrol, de 3 Biggetjes mei Pieter-Wytze Venema yn minirok, de Nonnen, The Cartoons en de X-factorfammen út de tredde klasse dy’t der in kompleet toanielstik fan makken.

Guon leararessen (sjoch foto) fan it Dockingacollege VMBO-Theoretisch soargen wer foar de noadige hilariteit troch ûnwerkenber optoaid op it poadium te ferskinen. Om dêrnei konsjerzje Anton Wiersma ta te sjongen as ‘Casanova’ yn it ferske fan Luv. Anton die natuerlik ek wer tegearre mei syn ûnôfskiedlike kompanjon Livius Meinsma mei. By harren optreden gongen ‘Alle remmen los’ en hearden we de hearen hjir en dêr sels ‘live’ sjongen.

De jûn waard ôfsletten mei in prachtich jazzy optreden fan âld-winneres Renske de Boer ûnder it sjueryberie. Mei troch de hast profesjonele presintaasje fan Albert-Jan Kingma en Rutger Kloosterman út klasse 3 en de poerbêste technyske stipe fan de Culturele Commissie Dongeradeel kin ek dit jier wer werom sjoen wurde op in tige slagge Poadiumjûn.

J.D. de Vries

2 opmerkingen:

Anoniem zei

Geweldig

Anoniem zei

ja it wie mooi