2/19/2007

Wurd foarôf

Yn de earste klasse koenen wy kieze foar Frânsk of Frysk. Wy hawwe foar Frysk keazen om't wy it in moai fak fine. En om't Frânsk net sa geweldich is! We hawwe no les fan menear De Vries en dat is fansels hiel leuk. We krije allegear opdrachten, lykas gedichten skriuwe en foardrage. Dat is op 'm sels wol leuk om te dwaan en je leare der in protte fan. En it is natuerlik hiel leuk want je hoege net út in boek te learen.

Ien fan ús opdrachten wie om in ferhaaltsje yn it Frysk te skriuwen foar in spesjale Frysktalige edysje fan de skoallekrante. Je koene ferskillende dingen dwaan, sa't jim hjir lêze kinne. In protte lêsnocht tawinske.

Kevin Sikkens en Jeroen Bouma

2/17/2007

Pianist Robert Poortinga wint poadiumjûn

DOKKUM - Fol bewûndering folge in útferkochte IIsherberch ôfrûne freed de ferrjochtings fan Robert Poortinga op piano. Mei syn eigen ferzje fan muzyk út ‘The Gladiator’ waard hy de oertsjûgjende winner fan de achtste Poadiumjûn fan it Dockingacollege VMBO-Theoretisch.

Mar leafst njoggen moanne hat Robert, dy’t yn klasse 4 sit, oan it stik wurke en dat wie te hearren. Hy pakte it publyk likegoed as de sjuery hielendal yn mei syn fleugelde spel. Hy brûkte hjir en dêr sels in trijehannetechnyk. Net foar neat hat hy krektlyn dan ek in útnoeging krigen om nei syn eksamen yn New York studearjen te gean.

Tegearre mei Janna de Jong út 2C wûn Robert ek de publykspriis. Hy begeliede Janna by it ferske ‘Omdat je bij me blijft’ dat se, neffens de sjuery, noch moaier song as de oarspronklike sjongeres, Idols-finaliste Maud.

En dat wienen noch mar twa fan gâns hichtepunten fan de jûn. De sjuery, besteande út lokaasjedirekteur Tjeerd Frans Smits, muzykdosint Johan Boeijenga, mem Tettie Stiemsma en âld-winneres Iris van de Weide, hie it er mar dreech mei. Tsjûge ek de dielde twadde en tredde priis dy’t se takenden.

Neist de publyksprijs krige Janna de Jong (sjoch foto) nammentlik ek de twadde priis tegearre mei Janke Trientsje Dijk út klasse 1D. Janke Trientsje die it troch harsels skreaune liet ‘Zo raar’, dat se prachtich song. It soe samar in hit wurde kinne, want it leit lekker yn it gehoar en se krige de hiele seal mei.

Dat lêste jilde ek foar Anne Martin Koree, Wieger Dijkstra en Timo Visser. Sy namen alle trije harren drumstel mei op it poadium en soargen foar in ymposant drumspektakel, dat úteinlik goed wie foar in dield tredde plak.

De oare tredde priis gie nei de band Black Scepter dy’t ek mei in eigen nûmer kamen. It heftige ‘War Monger’ waard troch de sjuery priizge om har moaie útfiering. Alle bandleden, mei sjonger/gitarist Lieuwe Ferwerda (4B) foarop, droegen dêr in stevig stientsje oan by.
Datselde koe trouwes ek sein wurde fan it nûmer ‘She-wolf’ fan de band Angeldust mei de bruorren Henri (4B) en Auke-Siebe van der Ploeg op gitaar. Sy foelen lykwols krekt bûten de prizen.

Ek inkelde dûnsacts smieten hege eagen by de sjuery, lykas Esther, Jildau & Douïna, de enerzjike Rinske & Baukje út klasse 4 en Paulien, Doortje, Anique & Akke. Dit lêste fjouwertal hie in moaie act, kompleet mei stokgetrommel, op het ferske ‘Knock on Wood’ fan Safri Duo. En ek de oare dûnsacts mochten der wêze, lykas de sensuele dames fan ‘X’ út de fjirde klasse, Jelly Wiersma en Alice Faber út 2D mei ‘What A Feeling’ en de dappere earsteklassers Nelie, Laura, Inez, Linda & Margryt, dy’t in hiele leuke act hienen.

Oan it hege nivo fan de Poadiumjûn dit jier waard ek bydroegen troch de sjongtalinten Femke Hoekstra (4D) en Nasra Yonis (2A). Beide fammen waarden by harren lieten prima begelaat troch de skoalleband. Nettsjinsteande har ferkâldheid song Femke ‘This is the last time’ (fan Keane) hiel goed en ek Nasra die de titel fan it ferske ‘Beautiful’ (fan Christina Aguillera) eare oan mei har moaie waarme sang. Mar ek de sang fan Anneke Rickal (4B) en it duo Elisa Wouda & Gerda Sierksma (2C) mei hjir wat dat oanbelanget net ûnfermeld bliuwe.

Foar fleur waard soarge troch Jeanette Geertsma (3E) & Sietske Douma (4F) mei ‘De Leuterlijn’, de Pussycat Dolls mei Gerard Dantuma yn de haadrol, de 3 Biggetjes mei Pieter-Wytze Venema yn minirok, de Nonnen, The Cartoons en de X-factorfammen út de tredde klasse dy’t der in kompleet toanielstik fan makken.

Guon leararessen (sjoch foto) fan it Dockingacollege VMBO-Theoretisch soargen wer foar de noadige hilariteit troch ûnwerkenber optoaid op it poadium te ferskinen. Om dêrnei konsjerzje Anton Wiersma ta te sjongen as ‘Casanova’ yn it ferske fan Luv. Anton die natuerlik ek wer tegearre mei syn ûnôfskiedlike kompanjon Livius Meinsma mei. By harren optreden gongen ‘Alle remmen los’ en hearden we de hearen hjir en dêr sels ‘live’ sjongen.

De jûn waard ôfsletten mei in prachtich jazzy optreden fan âld-winneres Renske de Boer ûnder it sjueryberie. Mei troch de hast profesjonele presintaasje fan Albert-Jan Kingma en Rutger Kloosterman út klasse 3 en de poerbêste technyske stipe fan de Culturele Commissie Dongeradeel kin ek dit jier wer werom sjoen wurde op in tige slagge Poadiumjûn.

J.D. de Vries

Winterberg, in hiel leuk reiske mei in soad wille

Op 9 febrewaris is in diel fan de fjirde klassers nei Winterberg ta west. Om 5.04 oere gong de bus fanút Dokkum rjochting Winterberg. Je soenen sizze dat dit nochal in lange reis wie, mar dat foel bêst wol mei. Yn de bus hawwe we in soad wille hân.

Der waarden op de hinnereis twa films draaid. Hokfoar films dat is ús net sa by bleaun, we leinen noch heal te sliepen! Rûn 11 oere wienen we einlings yn Winterberg oankommen. De begeleiders wienen mefrou Van der Wal, menear Sterrenburg, mefrou Steenbeek, menear De Haan en mefrou Strikwerda. Menear De Haan en mefrou Strikwerda moasten eefkes wat regelje en doe't se werom kaamen bliek dat we net sa’n ein langlaufe koenen. Mar twa kilometer. Ek al wie dat al in hiel ein, we soene wol 8 km. Hjir wie wat heibel oer en doe moasten se ek noch wol yn it Dútsk werom fûterje.

We waarden yn twa groepen opsplitst. De iene groep gong earst te langlaufen en de oare groep gong te slydzjen. Dit wie natuerlik ek net raar foar de ôfwikseling. We hienen ûnderweis in soad wille. Sa wienen der ferskeidene dy’t net hielendal op hun skys stean bliuwe koenen. Dit seach der natuerlik raar út. Ek by it slydzjen gie it raar! De ien nei de oare fleach op in foarbygonger. Sels mefrou Strikwerda hie net hielendal kontrôle oer har slide, sa fleach se sa in skyhûske yn.

Sa gong de dei mei in soad wille gau foarby en moasten we heech noadich werom nei ús fertroud plakje Fryslân. Yn de bus waarden wer ferskeidene films draaid. Nei twa films wie der in tuskenstop yn Nijmegen. Eefkes lâns de McDonalds. Doe we dêr wei kamen wie der wer tiid foar in film. Dit wie gjin gewoane film, mar in jank film: Pearl Harbor, in oarlochsfilm. Mefrou Strikwerda hat ferskeidene bûsdoekjes útdield. En dy waarden ek brûkt! Se soe mienden wy ek noch mei in twadde rûnte komme, mar wêr’t se bleaun is? Miskien hat se se sels wol brûkt! We wienen rûn 10 oere werom yn Dokkum.

It wie in hiel leuk reiske, dit moasten wy einliks faker dwaan!

Groetnis,
Beitske Bûterblom

Gesellige iepen dei Dockingacollege VMBO-Theoretisch


Op woansdei 13 februari wie der in iepen dei op it Dockingacollege VMO-Theoretisch yn Dokkum. Der wie ûnder oaren in puzelspeurtocht wêrby’st letters sykje moast yn’e lokalen troch it hiele gebou hinne. Ek wie der in foarljochting en yn de kantine wie it tige gesellich om't de skoalband dêr spile mei it skoalkoar.

Der wiene ek hiele leuke dingen te sjen yn ’e lokalen, lykas by wiskunde wêr'st fjouwer opdrachtsjes meitsje koest. Yn it natuer/skiekundelokaal wiene leuke dinkjes lykas in skaal wêryn in baarchje siet datst aaie koest, mar dat like allinne sa, want der stiene allegear spegels om it baarchje hinne, sadat it like datst der boppe op stiest. Yn it lokaal Nederlânsk wienen allegear posters en fiksjeferslaggen. En yn it ekonomylokaal wie in presintaasje oer de kommende rommelmerk. Fierder wienen yn it technyklokaal foarbylden te sjen fan makettes fan self ûntwurpen húskes.

Wietze Bakker


Strip





Cor Brouwer en Laurenz Bremicker

Wii en Xbox360, de nijste spultsjekompjûters

Yn dit artikel fertel ik wat mear oer de nijste spultsjekompjûters.

De Wii
De ‘Wii’ is de nijste spultsjekompjoeter fan Nintendo. De Wii hat in hiele spesjale bestjoering mei in soarte fan ôfstânsbetsjinning: de ‘Wii-remote’. De Wii-remote makket gebrûk fan bewegingsgefoelige sensoaren, wêrtroch it apperaat fiele kin hokfoar bewegings asto makkest. Bygelyks by in tennisspultsje moast ek echt slaan. Op de Wii kinst Wiispultsjes spylje, mar ek Gamecubespultsjes. Kinst der ek noch mei ynternette, foto’s bewurkje, it waar sjen en it nijs sjen.

Sels haw ik foarrich jier ek in Wii kocht. Dizze Wii kinst net samar út de winkel helje. Der binne mar in pear te keap, moatst al fier fan te foaren oanjaan datst in Wii keapje wolst en dan kinst in plakje krije op in soarte fan wachtlist. Sa haw ik it ek dien yn Dokkum. Op dat stuit wiene der mar tolve Wii’s yn Dokkum te krijen. Der komme no hieltiten mear Wii’s op ‘e merke.

De Xbox360
De Xbox360 is de opfolger fan de Xbox. De Xbox360 is makke troch Microsoft. De Xbox360 hat benammen sjitspultsjes mar der binne ek útsunderings lykas ‘Viva Pĩnâta’, dêrby moatst dyn eigen tún meitsje en der allegear Pĩnâta’s nei ta lokje. De Xbox360 kin hiel maklik op ynternet. Dan moatst it kabeltsje fan ynternet yn de Xbox360 dwaan. Dan kinst op Xboxlive. Der binne twa foarmen fan abonnemint: it 'silver'- en it 'gold'-abonnemint. It 'silver' -abonnemint is fergees. Dêrmei kinst demo’s delloade. Mei it 'gold'-abonnemint kinst foar € 5,00 yn ‘e moanne spultsjes multiplayer spylje.

De p.c.
De p.c. is it meast brûkte apparaat foar it spyljen fan spultsjes. Op de p.c. fynst alle soarten spultsjes fan sjitspultsjes oant strategyske spultsjes. It nijste bestjoeringssysteem fan Microsoft is Vista. Op allerhanne manieren wurdt op dit momint reklame makke foar dit nije systeem. Op de Windows Vista komme spultsjes út mei hiele moaie graphics. Ik tink dat dit nije bestjoeringssysteem de kommende jierren in hiel soad ferkocht wurde sil.

Johan Dirk van der Schaaf

Mop

Yn in lyts doarpke yn Ohio skriuwt in âlde heit in brief oan syn ienige soan dy't yn de finzenis sit: "Bêste Jack, Ik sil dit jier yn myn grientetún gjin ierpels en griente plantsje kinne. Ik haw it probearre, mar it spitten falt my te swier. Oars holpsto my derby, mar ja... Groetnis, dyn heit."

In pear dagen letter komt it antwurd út de finzenis:
"Bêste heit, Spit yn himelsnamme net yn jo grientetún! Dêr haw ik de liken begroeven. Groetnis, Jack."

As gefolch fan de sensuer op de finzenisbriefwikseling steane in pear dagen letter de FBI en de lokale plysje by it hûs fan de âlde man en helje de hiele tún ûndersteboppe op syk nei de liken. Der wurdt neat fûn. De plysjeminsken ferûntskuldigje harren by de man en geane fuort.

In dei letter komt der op 'e nij in brief út de finzenis:
"Bêste heit, Bliid mei de tún? Groetnis, Jack."

Reinald Steenstra

Wisten jo dat...

1. mefrou Sibma dy't Ingelsk joech, altyd in bêste frou wie? Se is no fan dizze skoalle ôf, we sille har misse.

2. Anton ien dei earder jierdei is dan Livius?

3. op 25 jannewaris in rel op skoalle komme soe? De konsjerzjes en plysje wienen oanwêzich en dêrmei koe de rûzje foarkommen wurde.

4. menear Van der Kooij oer 1,5 jier mei pensjoen giet?

5. menear De Vries yn de polityk sit by it CDA?

6. mefrou Paulusma wer op skoalle is, nei't se in twaling krigen hat?

7. mei de stoarm de fytsen op skoalle stean bliuwe mochten?

8. menear Posthumus altyd grapkes makket?

9. menear Posthumus elk jier Sinteklaas is?

10. mefrou Jansma takom jier mei pensjoen giet?

11. yn de twadde klasse kieze kinst tusken Frânsk en Frysk?

12. de konsjerzjes in nije kamera hawwe?

13. Anton al in jier pake is?

14. de skoallekantoaren allegear ferboud wurde?

15. yn skoalle in twaling berne is en dat we fan mefrou Jansen beskút mei mûskes ferwachtsje?

16. menear Wiersema hurd rinne kin en dat der altyd troch it doarpke Ie giet en dat er maratons rint?

17. jim yn de kantine in t-shirt keapje kinne foar € 10,- mei de tekst ‘’Boeren voeden de wereld’’?

18. menear Daane graach fotografearret?

19. menear Meerman en de direkteur beide in sylboat hawwe?

20. Anton in grutte samler is fan Suske en Wiske-stripboeken en singles?

21. Livius fan fuotbal hâldt en fan syn frou en soannen?

22. mefrou Steenbeek thús in hiele bistetún hat mei pony’s, kalkoenen, geiten, kninen, guozzen, hûnen en kij?

23. reizigje, lêze, surfe, sile, pianospylje en muzyk lústerje de hobby's binne fan de direkteur?

24. kryptogrammen meitsje, lêze en puzels meitsje de hobby's fan mefrou Bosma?

25. Anja har hobby's binne: har soantsje, rinne en lêze?

Sietse Pieter Visser die mei oan de Achmea-kenniskwis

Yn 2006 hienen we noch ynformaasjekunde en doe mochten wy ús oanmelde foar de Achmea-kenniskwis fia in oanmeldingsronde op it ynternet. En dêr woenen wol in pear oan meidwaan, dus tocht ik: Wêrom ik net? Ik ha de hiele les dermei dwaande west en my wol in pear kear oanmelden, omdat it yn it begjin net woe. Ik hie op it lêst alles goed en doe haw ik it opstjoerd.

En doe mar ôfwachtsje. Doe't ik in kear op de bank lei, krige ik berjocht fan de Achmea-kenniskwis. Ik koe it earst net liuwe mar it blykte dochs wier de wêzen. Doe't ik dy moandeis op skoalle kaam, siet Romke oan in tafel en hy fertelde my dat hy meidwaan mocht oan de foarronde fan de Achmea-kenniskwis. Ik sei: 'Ik ek!' Dat wie wol hiel apart, twa út ien klasse. Mar der wienen mear: Renze-Jan, Menno, Oane en Aukje. En noch ien út 1D: Pieter-Tseard.

En doe moasten wy nei Aalsmeer foar de opname. Om 11 moasten wy der wêze. Om yn ye skriuwen en in bewiis sjen te litten datst wol op it mafû siest. Nei't dat klear wie, giene we nei in aparte keamer. We kamen ek dekors fan Goede Tijden Slechte Tijden tsjin. Yn dy keamer moasten we 30 fragen meitsje oer ferskate dingen.

Oer dy 30 fragen diest ûngefear in heal oere. Nei dy ronde krigen we drinken en in koek. Doe't we dat op hienen, mochten we wer nei ús heit en mem. Dy wienen dwaande mei in formulier. Oer ús. Nei't se dy fragen fan de foarronde neisjoen hienen, moasten we nei de studio. Dêr hellen se de bêste 12 derút, wêrûnder Romke, Menno, Oane, Pieter-Tseard, Aukje en ik. Dat wienen 7 fan ien skoalle.

Doe't de bêste 12 út it publyk roppen waarden, moasten we nei in soarte fan make-up keamer. We krigen gjin make-up, mar wol in mikrofoantsje en we moasten wat fertelle foar de kamera. Dat alles wie yn in heal oere dien, mar we mochten net nei de studio, om't we op Chazia Mourali wachtsje moasten. Letter kaam Chazia om mei ús kennis te meitsjen. En dêrnei gienen we mei syn allen nei de studio.

Ik sil no wat fertelle oer de trije ronden.

De earste ronde
De earste ronde hie 15 fragen yn totaal en nei 7 fragen kaam der in pauze en in tuskenstân. De earste fraach is altyd wol maklik. Mar nei de earste 7 fragen stie ik tsiende. Ik tocht wol even by mysels: Dit moat better. Nei de pauze kamen de oare 8 fragen en by dy 8 fragen hie ik mar ien flater. Ik tocht: No moat ik wol by de top 5 sitte. En dêr ferskynde de
útslach en ik wie fjirde en siet dus by de top 5. Yn dy top 5 sieten Romke en
Pieter-Tseard ek noch.

De twadde ronde
Yn de twadde ronde wienen der 2 x 2.30 minuten lang fragen. De puntetadieling wie sa, dat ast in fraach goed hiest, dan krigest 4 punten en ast in flater makkest dan krigen de oare 4 spilers elk 1 punt. Nei de earste 2.30 minuten hie ik 24 punten, ik stie dêrmei earste. Nei de twadde 2.30 minuten hie ik 48 punten en ik wie noch altyd earste. Dat betsjutte dat ik as lêste starte mocht yn de tredde en lêste ronde.

De tredde ronde
Ien de tredde ronde wienen der noch trije oer: Pieter-Tseard, noch in famke en ik. Elk moast in ûnderwerp haww en dêr krigest dan 5 fragen oer. En dan koest noch in ûle ynsette op in fraach, dan krigest dêr it dûbele tal punten foar. De oare 2 koenen dan ek wer punten fertsjinje troch de fraach ek goed te beäntwurdzjen. Ik hie it fak skiednis as ûnderwerp. Ik hie 4 fan de 5 fragen goed en dêrmei haw ik it wûn.

Sietse Pieter Visser

Wurdsiker: Fryske plaknammen

Sykje de folgjende wurden:

Hantumhuzen
Wierum
Dokkum
Foudgum
Nes
Holwert
Lytsejouwer
Hantum
Ternaard
DeSkans
Peazens
Eanjum
Waaksens
Brantgum
Mitselwier
Moddergat
Easternijtsjerk
Eastrum
Ie
Moarre
Ingwierrum
Ealsum
Nijewier
Boarnwert
Ljussens

Menno Dijkstra en Patrick de Ruiter

It paspoart fan Frysk lietsjeskriuwer en sjonger Piter Wilkens

Piter Wilkens is berne op 26 augustus 1959 te Ljouwert as soan fan Harm en Ymkje. Yn 1963 ferhuze it gesin Wilkens nei Marsum. Mem komt fan Marsum en ek pake Sytse en beppe Ym wennen doe yn Marsum.De famylje fan pake's kant komt al generaasjes lang út de gemeente Menameradiel (Marsum, Bitgum, Berltsum). Pake hie in timmerbedriuw oan 'e Skoallestrjitte , op itselde plak dêr't no Piter mei syn gesintsje wennet.

Piter en Erna hawwe twa bern: Emma en Krijn. Fierders hat Piter in broer Sytse en in suster Aukje. Piter hat blau/grize eagen, is tige skier om 'e kop en is noait langer wurden as 1.83m. Piter is neamd nei pake fan heites kant dy 't op syn beurt wer neamd is nei syn pake Piter Smit, in skipper. Ek dy is wer neamd nei syn pake: Piter Riga, ek in skipper.

Wurk: Frysk lietsjeskriuwer en sjonger.
Hobby's: û.o. itensiede, timmerje, skiednis, genealogy, hurddrave.
Favorite muzyk: muzyk.
Favoryt ynstrumint: klarinet.
Favoryt miel: stamppot rauwe andyvje mei spek.
Moaiste sport: it keatsen.
Diploma 's: swimdiploma 's A en B.
Skoalle: LTS timmerjen, MTS bouwkunde, ABK Minerva hat der net ôfmakke.

Menno Dijkstra en Patrick de Ruiter

Slagge karaokefeest foar klasse 2 yn Zero


Foar de twadde klassers wie der op freed 26 jannewaris in karaoke-danceparty. De twadde klassers koenen allegear yn jongereinsintrum Zero yn Dokkum komme. Net alle twadde klassers koenen komme, om't der ek klubstriid yn in pear doarpen wie.


De entree wie €2,50 en dan krigest noch twa konsumpsjes foar drinken derby. Fierder koest ek noch sjips en snoep krije. Yn de seal stienen noch banken en spultsjes. De measte jonges wienen oan it tafelfuotbaljen. Der wie ek in karaokeshow, dan moast in formulier ynfolle en dan koest meidwaan. Der wienen bêst wol folle dy't oan de karaokesjo meidienen en dat wie wol leuk.

Ûndertusken wienen der ek allegear fammen en jonges oan it dûnsjen. En der waarden foto’s makke, ek fan de karaokesjo. Op it lêst dienen der twa leararen mei, menear Hansma en menear Dijkstra. Se dienen it ferske 'Paradise by the dasboardlight' en se koenen goed sjonge, alderraarst! Se gienen hielendal út harren dak. De fammen dy't oan de karaokesjo meidienen, dienen Ingelske en Nederlânske ferskes nei, hiel leuk.

Der wienen ek in pear jonges yn it gongkje en doe wie der in jonge, Leo Jongsma, dy wie tsjin in doar oanrûn en doe hie hy in hiele grutte bult op syn holle. Hy koe blykber it gat fan de doar net fine. Of je kinne de doar earst ek iepen dwaan.

Mar de klassejûn wie fierder hiel leuk, ek al wie der al hast wer ôfrûn. Der gienen ek alwer in pear nei hûs ta. Se songen noch in slotferske, der wienen noch in pear oan it dûnsjen en doe wie it alve oere. De measten gienen nei hûs ta, want guon waarden ophelle troch harren mem of heit. Doe wie de klassejûn dien en gie elkenien nei hûs ta. It wie in moai feest.

Annelies Zijlstra


En se koenen moai sjonge!

In petear mei plysjeman en fierljepper Bart Helmholt

Op twa febrewaris, it twadde oere fan de Fryske les, binne wy, Sven en Dictus, nei de plysje ta west om fierljepper en plysjeman Bart Helmholt in pear fragen te stellen. We fytsten derhinne mei in net sa'n lekker gefoel, want we wiene bêst wol in bytsje senuweftich. Doe’t we der wiene, gie it wol wer.

We hawwe ús earst by de baly melden. Dictus frege oft Bart Helmholt ek oanwêzich wie. Earst wie hy der net sei de meiwurker, mar in pear sekonden letter sei de man dat Bart der dochs wol wie. De man efter de baly belle efkes nei Bart Helmholt om te sizzen dat der twa skoallebern in petear mei him hâlde woene. Wy moasten mar efkes wachtsje sei de man. Wy gienen nei Bart syn kantoor ta. Wy kamen dêr oan en it wie fuort in gesellige sfear, want hy hie piratemuzyk foar de radio. De muzyk stie trouwens aardich lûd. Nei in moai stikje muzyk hawwe we in petear mei Bart hân, wy hawwe him tsien fragen steld oer fan alles en noch wat. Lês mar.

1. Hoe fine jo it wurk by de plysje?

Hartstikke moai, it is ôfwikseljend wurk, om't je net ienris witte wat de kommende fiif minuten bringe sille.

2. Wat fine jo fan it fierljeppen?
It is de moaiste sport fan Nederlân, ek foar it publyk, om't der altyd aksje is. Der binne nammentlik trije skânsen.

3. Hoe fier binne jo fan plan te springen it kommende jier?
Ik wol it Nederlânsk rekord fan Jacco de Groot fan 20,14 meter ferbetterje. In ôfstân fan 20,75 meter liket my wol wat.

4. Hoe lang wolle jo trochgean mei it fierljeppen?
As ik fit bliuw, kin ik noch hiel lang mei. Mei dat net slagje, dan hâld ik der earder mei op.
5. Is it fierljeppen foar de sportbegrippen net in te lytse sport?
Klopt, it is in lytse sport. Mar dat makket it fierljeppen ek wer spesjaal.

6. Is it fierljeppen in sport dy't in oerlibbingskâns hat? Is der wol animo wat de jeugd oanbelanget?
Ja, dat tink ik wol. Se wolle der in tredde klasse by hawwe. Dizze is foar de jongste jeugd dy't noch net hiel fier springe kin. Minsken dy't noch net oan it fierljeppen ta komme, kinne meidwaan oan regionale wedstriden.

7. Wat foar technyk brûke jo?
Ik bin goed yn it klimmen. As je my fergelykje mei in Hannes Scherjon dan kinne je sjen dat hy it bettere útsprong as my hat, mar dat ik de bettere klimmer bin.

8. Hawwe jo ek in motto?
Wille yn de sport is foar my it foarnaamste.

9. Hawwe jo ek noch oare hobby’s? Sa ja, hokker?
Ja, ik mei graach fuotbalje, surfe, meidwaan oan survivalruns en skeelerje.

10. Wat is jo miening oer it Dockinga Kolleezje?
Op it stuit is der wolris rûzje! En troch de mobile tillefoan hawwe je samar in hiele groep. De rûzje fan in pear wiken werom is troch de skoallen goed oppakt.

Nei it petear hawwe we Bart bedankt. Hy sei dat it hartstikke leuk west wie! Nei ôfrin hawwe we de fyts wer pakt en binne we nei skoalle fytst.

Sven de Jong & Dictus Hoeksma

Lytse rotsjes berne yn it biologylokaal

Lytse rotsjes binne der berne op woansdei foar twa wiken. De twa rotsjes sitte by mem en heit rôt yn. It giet hiel goed mei harren. In pear wiken dêrfoar is der ek in rotsje berne, mar dêr is de kop fan ôfbiten troch heit rôt.

No wie mefrou Jansen der op tiid genôch by. Lokkich wiene der no twa rotsjes berne, dat is dus dûbel sa moai. Se sitte no mei syn allen yn de koai. We koenen wol fiif rotsjes yn de koai hawwe, mar om't er 3 dea gien binne, dus net (spitich genôch). We hawwe der no twa in en dat wolle we graach sa hâlde of der moatte noch mear komme. Dat soe ek wol leuk wêze.

De rotsjes kinne jim net sjen op de foto, om't se ferstoppe binne; hielendal ûnder yn de koai. Dêrom haw ik mar in foto naam fan de mem en heit rôt. Op dizze foto binne se gewoan mar wat oan it rûnrinnen.

Wat sille we mei de lytse rotsjes dwaan as se grut binne en fuort kinne ? Hâlde we se dan of geane se fuort? Ik wit it net. Mar safier is it noch net. We sille wolris hearre. Ik hoopje dat se noch lang libje meie.

Martijn Hoekstra

Lasse Nilsson, de populêrste spiler by froulike Hearrefean-fans

Lasse Nilsson is op 3 jannewaris 1982 berne. Hy is no 25 jier âld. Hy is berne yn Borås, dat is in plakje yn Sweden. No wennet hy dêr natuerlik net mear, mar syn âlders en famylje wol. Hy spilet linksfoar by SC Hearrefean.

Hy hat hiele moaie reade fuotbalskuon, dy falle moai op! Lasse hat in freondin en gjin bern. Hy sjocht yn syn frije tiid graach films en golfjen fynt er ek hiel leuk! Foarich jier die er dat regelmatich mei Arnold Bruggink en no spilet er soms mei Petter Hansson, mar Lasse fynt him te min! Lasse hat twa jongere bruorren. De jongste is no 19, dy sit op skoalle en fuotballet ek. Syn oare broer is 21 en dy wurket.

Lasse is de soan fan 15-fâldich international Thomas Nilsson. Hy begûn syn fuotbalkarriêre yn 1997 by Torsangs IF. Nei 1 seizoen gie der nei IK Brage. Yn 2002 gie hy nei IF Elfsborg wêr hy 3 jier spile. Op 17 jannewaris 2005 makke Lasse de oerstap nei SC Hearrefean. Hy wol no nei in oare klub ta yn Itaalje en dat fine wy net leuk, want we wolle him noait mear kwyt!

As Lasse Nilsson skoard hat dan spylje se it deuntsje fan ‘Pippi Langkous‘, dat fynt er hiel leuk. Se draaie dat deuntsje om't Pippi ek út Sweden komt. Lasse is hiel populêr by de froulju. De measte froulju fiene him de leukste spiler fan it Hearrefean. Wy fine dat ek. Wy sels geane ek bêst wol faak nei it Hearrefean ta. Dan sjogge we him ek en binne we fanatike supporters! Foardat Lasse by ús Hearrefean spile, spile Lasse by IF Elsborg. Hij wie dêr ek hiel goed. Wêrom hy dêr wei gien is, witte we net, mar wy fine it wol bêst sa!

Wy sels fine Lasse hiel knap en leuk om't er sa’n leuke útstraling hat! We binne net de ienigen dy’t der sa oer tinke. We binne beide in grutte fan fan him en we hawwe him dan ek al hiel faak sjoen! We hawwe hantekenings fan him en Jitske stiet sels mei him op ‘e foto!

Martine de Boer en Jitske Eelkema

Learlingen fan it Dockinga yn finale FeRstival

Op 10 november waard de heale finale fan de Fryske foardrachtswedstriid FeRstival holden. Alle twaddeklassers moasten dêrfoar in gedicht útkieze en harren gedicht foar de klasse foardrage. Foar 29 septimber moasten wy it gedicht ut ‘e holle kinne. It hat ûngefear 2 wiken duorre foar ‘t elkenien it gedicht foardroegen hie. De trije bêste út ‘e klasse mochten meidwaan oan de heale finale fan FeRstival.

De trije learlingen út klasse 2A en 2B dy ‘t útkeazen waarden, wienen: Wietske Brouwer mei it gedicht 'Heit', Martijn Hoekstra mei it gedicht 'Sprekbeurt' en Louwineke Jongeling mei it gedicht 'Heit'. Natuerlik mochten dizze trije leerlingen sels witte oft se meidienen. Martijn Hoekstra liet it ôfwitte. Mar Wietske Brouwer en Louwineke Jongeling (wy dus) woenen wol meidwaan.

Nei 7 wiken oefenjen, wie it safier. De grutte dei bruts oan en mei ús gongen Janna de Jong, Vera Poortinga, Jolanda de Jong, Gerda Schoorstra, Pieter-Tseard Swart, Dictus Hoeksma, Joke Keegstra en Johan-Dirk van der Schaaf nei Burgum ta foar de heale finale. Rûn 1 oere gienen we by skoalle wei. Nei ûngefear in heal oere wienen we yn Burgum. We wienen net de ienigste dielnimmers. Der wienen learlingen fan ferskate skoallen út de omjouwing fan Burgum.

Om 5 oere kaam de jury werom fan berie. En hienen se de útslach. Fan it Dockingacollege gienen Joke Keegstra, Vera Poortinga en Janna de Jong (sjoch foto f.l.n.r.) troch nei de finale. Der wiene wol regels oan ferbûn. Se moasten in nij gedicht útsykje foar de finale. Se koenen in gedicht utsykje út in âld FeRstivalboekje, mar se koenen ek nei Menear de Vries ta gean en in ûnderwerp oan him trochjaan. Dêr woe hy dan wol in gedicht oer probearje te meitsjen.

Menear De Vries hie ek al in gedicht foar it FeRstivalboekje skreaun. Dat giet as folget:

Sprekbeurt


Moarn mat ik in sprekbeurt dwaan
Mar ik ha noch neat
Gjin idee wêr’t ik it oer hawwe sil
It komt op ‘e kop ferkeard

Moarn moat ik in sprekbeurt dwaan
Ik sko it al wiken foar my út
Moarn kin it ommers ek noch wol
Mar no gean ‘k moarn wol op myn snút

Fannacht waard ik wekker
Baaiend yn it swit
Ik stie foar de klasse
Yn myn himd, want ik wist niks

“Ik doch myn sprekbeurt oer de stilte”
Ja, dat is nochris in goed idee fan my
Dan kin net ien der wat fan sizze
As ik tsien minuten swij

Moarn moat ik in sprekbeurt dwaan
Ik moat no echt teset
Ach, dy man wit neat fan kompjûters
Witst wat? Ik helje ien fan ynternet

Fan ‘e moan haw ik myn sprekbeurt dien
En hiel goed, sei master krekt
Dochs krige ik in dikke ien
Want hij hie ‘m alris earder heard


Ynterview mei finalist Janna de Jong út 2C.

1. Do hast meidyn oan FeRstival hoe foenst dat?
Wol leuk, mar ik wie wol aardich senuweftich! Mar ik bin bliid dat ik safier kaam bin.

2. Hokker gedicht hast de earste kear dien?
De earste kear (yn de foarrondes) haw ik it gedicht 'Sprekbeurt' dien. Leuk gedicht, mar skande dat hast elkenien dat gedicht die.

3. Hoe wy dyn juryrapport en wat fûnst derfan?
Ik hie wol aardich goeie en in protte punten, oars wie ik ek net trochgien. Ik fûn it sels ek wol aardich goed.

4. Doe’st heardest datst nei de finale ta giest, wat tochsto doe?
Ik skrok en sei: IK!? Ik hie de triennen yn myn eagen en ek wie ik bliid dat ik net iennichste wie fan ús skoalle dy ‘t trochgie.

5. Wat fûnst fan dyn nije gedicht dat menear De Vries skreaun hie?
Geweldich, it wie echt in geweldich gedicht. Ik hie sels wurden jûn dêr’t ik it oer hawwe woe! En dat is slagge.

6. Wiest senuweftich yn ‘e finale?
Ja, ik wie echt senuweftich, ik hie san pine yn ‘e búk! Doe ‘t ik it foardrage moast trille ik de hiele tiid.

7. Wie it in teloarstelling datst net wûn hast?
Nee, it wie wol bêst genôch. Natuerlik soe ik wol winne wolle, mar der wienen guon better as my.

8. Binne Joke of Vera winner wurden?
Nee, allebeide hawwe it ek hiel goed dien, mar ek net goed genôch om te winnen!

Wietske Brouwer en Louwineke Jongeling

Abe Lenstra, de Fryske fuotballeginde

Abe Lenstra (27 novimber 1920 - 2 septimber 1985), ek wol 'ús Abe', is dé Fryske fuotballeginde. As 16-jierrige makke hy syn debút yn it earste fan VV Heerenveen, de klub dêr't letter SC It Hearrefean út ûntstean soe. Op syn 19e spile hy al foar it earst yn it Nederlânsk alvetal, dêr't hy 47 kear foar spylje soe. Yn dy 47 wedstriden skoarde Abe 33 goals.

Al as 14-jierrige krige Abe in oanbieding om yn Ingelân foar Huddersfield te spyljen, mar syn heit woe dat net hawwe. Letter hat Abe Lenstra sels oanbiedings weagere om yn Itaalje of Dútslân beropsfuotballer te wurden; sa't er sei om't er gjin slaaf fan sa'n klub wurde woe. Doe ek yn Nederlân it beropsfuotbal ynfierd waard hat er oant 1964 as healberops spile by "Sportclub Enschede", it lettere FC Twente. Tegearre mei Faas Wilkes en Kick Smit stie Abe Lenstra model foar it stripfiguer Kick Wilstra. Abe waard yn 1951 sportman fan de ieu.

Abe hat ek in blanko sjek fan Inter Milaan krigen, mar dy naam er net oan. Hy bleau by Hearrefean. Syn klub. Mar nei de twadde wrâldoarloch is er feroare fan klub. Hy gie fan Hearrefean nei Enschedese Boys wêr hy ek hiel faak skoarde.

Op 7 maaie 1950 spile Abe mei yn de histoaryske wedstryd tusken It Hearrefean en Ajax. Mei noch mar in heal oere op 'e klok stie It Hearrefean mei 1-5 efter. Abe Lenstra hie in grut oanpart yn de 5 goals fan It Hearrenfean dy't yn de rest fan de tiid noch makke waarden. It Hearrenfean wûn sa mei 6-5. Ajax soe mei troch dat ferlies it lânskampioenskip misrinne. Yn 1995 is yn it nei Lenstra neamde fuotbalstadion op it Hearrefean troch Tryater in spektakelstik 'Abe' opfierd mei as reade tried dizze wedstryd.

Yn 1977 waard hy rekke troch in harsenblieding wêrtroch er de rest fan syn libben yn in rolstoel rûnride moast. Krekt foar syn stadion stiet in byld fan him as fuotballer.

Makke troch Oane Wijma in Martijn Hoekstra.

2/15/2007

Kollum - Anton & Livius, de meast geweldige konsjerzjes

Anton en Livius binne sa aardich, net te leauwen. Se jouwe ús dan ek noait oerkes en we hoege noait skjin te meitsjen (dat dogge se altyd sels). As we te let binne, komme we ek noait op it boerd. Se binne altyd hiel posityf en noait string. As we korvee hawwe, helpe se ús altyd en jouwe ús gjin kommentaar. We meie der sa lang oer dwaan as we sels wolle.

Livius hat gjin auto, mar giet mei it fleantúch nei skoalle. Anton hat ek gjin auto, mar komt mei de helikopter. Se binne der altyd foar ús. Doe't we dizze kollum skreaunen, wienen se der ek. Se binne beide hiel slank, sportyf en se drinke noait bier en ite fleis (GEHAKBALLEN).

Anton hat in grut bosk hier op 'e holle en in rôze earbel. Livius hat in grutte griene hoannekaam en dat liket hiel stoer! Se hawwe allebeide in snorke. Livius hat ek in hiel lang burd fan hast twa meter. Se sitte noait stil en binne altyd hiel drok dwaande mei stofsûgjen en skjinmeitsjen.

Koartsein, Anton & Livius binne de meast geweldige konsjerzjes dy't der binne.

Jitske Eelkema en Martine de Boer

Ynterview mei Anton & Livius

1. Hoe fine jim it om op it Dockinga Kolleezje te wurkjen?
Anton: Ik haw it tige nei myn sin.
Livius: Wol grappich om't der in protte ferskillende minsken binne fan ferskillende pluimaazje.

2. Wêrom binne jim konsjerzje wurden?
Anton: Om't ik it plezierich fyn om mei minsken te wurkjen, fral mei jeugd.
Livius: Troch de omgong mei bern.

3. Wat moatst allegear kinne foar oplieding (foar konsjerzje)?
Anton: Der is net echt een oplieding foar.
Livius: Hiel folle en fan alles wat.

4. Wat hawwe jim dien foar't jim konsjerzje wurden binne?
Anton: Earst automonteur, doe fangreelmonteur, doe wer automonteur, dêrnei taksysjauffeur en doe konsjerzje.
Livius: Earst by de marine, doe yn de bou, by it grienwurk en doe konsjerzje.

5. Wat binne de foar en neidielen fan it fak?
Anton: 1. De moaie wurktiden, 2. Skoallefakânsjes frij, 3. Der is gjin neidiel.
Livius: 1. It foardiel is datst mei minsken omgean kinst. 2. It neidiel is dat der ek wolris ferfelende dingen barre.

6. Wêrom binne Han en Lubbert hjir, kinne jim it sels net?
Anton: Wy meie in protte net en sy binne hjir foar it ûnderhâld.
Livius: Jawol, mar wy meie in soad net dwaan.

7. Wat fûnen jim fan dy skoallerel?
Anton: Ferskriklik en net leuk, dit heart sa net.
Livius: It waard fan twa kanten in protte opkloppe, want it gie om niks.

8. Mei wa fan de leararen soenen jim ferkearing hawwe wolle as jim in famke wienen?
Anton/Livius: Dêr binne wy te slim foar om eat mei in learaar hawwe te wollen.

9. Wat woenen jim froeger wurde?
Anton: Ynstallateur om't dat doe it moaiste wie, want it wie krekt nij.
Livius: Wurkje op in seesleper, troch de útdaging fan it farren.

10. Wat binne jim hobby’s?
Anton: Sport en dingen sammelje: bier, cd’s en Suske en Wiskes (as jim noch in pear lizzen hawwe boppe de 250 meldt it dan eefkes) en myn pakesizzer is ek in hobby fan my.
Livius: Fuotbal, op fakânsje mei de karavan gean en de wrâld ferkenne.

Hendrik de Jong en Simon Korporaal

2/09/2007

22 jannewaris, in dei om by stil te stean

Moandei 22 jannewaris 2007. In hiel gewoane dei of dochs net? Nee, want de flagge hinget healstok. En dat hat fansels in reden. Foar dy reden moat ik jim mei werom nimme nei de Twadde Wrâldkriich 1940-1945. Yn it jier 1945 op 22 jannewaris waarden tweintich willekeurige en ûnskuldige minsken delsketten troch de besetter. It gie hjir om in ferjildingsmaatregel. Wêrom dienen de Dútsers dit? It wie sa dat in fersetsman, de apoteker fan Dokkum, oppakt wie troch de de Dútsers. Hy hie oan syn maten yn ’t ferset al ris sein dat er net foar himsels ynstean koe as hy oppakt waard. It ferset hat dizze man befrije kinnen mar dêr kamen al twa Dútsers by om it libben. Foar elke Dútser moasten der 10 Nederlanners stjerre. En sa barde it dat dizze 20 ûnskuldige minsken fusillearre waarden. Dat barde oan ’e Wâldwei yn Dokkum. It wie in ferskriklik barren wat doe fansels in djippe yndruk makke op ’e Dokkumer befolking.

Ta neitins oan dizze minsken dy it slachtoffer waarden is der in monumint makke (sjoch foto). En alle jierren op ’e nij wurdt der betocht wat der doe bard is. Us skoalle hat dit monumint adoptearre en docht dus ek alle jieren mei oan dizze betinking. In oantal klassen wurdt derfoar oanwiisd en leit op dizze dei, mei boargemaster Cazemier in krâns by it monumint. Spitigernôch wie ús klasse der net by. Dat ik dit sis, jout al in bytsje oan hoe’t ik deroer tink dat der nei mear as sechstich jier noch altyd oandacht foar is. Ik fyn dat alle minsken dit foarfal betinken bliuwe moatte. It is net neat wat der bard is. Ik tink ek dat it goed is foar de neibesteanden dat se witte dat elkenien mei harren meilibbet. Ek is it belangryk omdat dit nea wer barre mei.

Want kinne jim it jim foarstelle dat op dit momint 20 minsken delsketten wurde soene? De betinking fan de hiele Twadde Wrâldkriich moat fansels ek bliuwe. Dat de wrâld oait noch ris fredich wurdt!

Hindrik Woudstra

1/27/2007

De bydragen fan klasse 2AB

By de learlingen fan klasse 2AB sitte de folgjende bydragen yn de pinne:

- Tseard en Arjan: Pokerjen, de nijste raazje
- Martine en Jitske: Ynterview Lasse Nilsson fan SC Hearrefean
- Hendrika en Paulien: Ynterview Dewi
- Laurenz: Stripferhaal
- Dennis (J): Gedichtedei
- Cor: Stripferhaal
- Wietske en Louwineke: FeRstival
- Jacob-Willem en Andries: Darten
- Menno en Patrick: In grutte puzel
- Martijn en Oane: Abe Lenstra / woestynratsjes
- Dennis (S): Mini-bikes
- Renze-Jan: Puzel
- Sietse Pieter: Riedsels
- Annelies: Klassefeest / stjerren

1/26/2007

De bydragen fan klasse 2CD

De kommende wiken kinne jimme hjir de folgjende bydragen ferwachtsje fan klasse 2CD:

- Wietze en Jouke: Ynterview mei Pyt Paulusma
- Jeroen en Kevin: Kar Frânsk-Frysk
- Dictus en Sven: Fryske sporten en in spotprint
- Wendy: Stjerrepagina
- Hendrik en Simon: Ynterview Anton & Livius en in spotprint
- Janna en Jolanda: Stik oer Doutzen Kroes en 'Werken de learaar'
- Martha en Alianne: 'Wisten jo dat?'
- Leo en Robin: Ynterview Sven Kramer en strip
- Bernard: Frjemde minsken
- Nynke en Gerda: Fotoreportaazje oer moade
- Johan Dirk en Reinald: Moppen en games
- Hindrik: De skiednis efter de deadebetinking op 22 jannewaris yn Dokkum

1/25/2007

Oandachtspunten foar it skriuwen

Yn dit stik doch ik jim wat dingen oan de hân dêr't jim om tinke moatte by it skriuwen fan in artikel. Sa sil ik jim wat fertelle oer de 5 W's en hoe't in artikel der krekt útsjocht.

Yn in krante fine jim û.o. de folgjende saken:
- Nijsberjochten
- Eftergrûnynformaasje (by it nijs)
- Kommentaren (op it nijs, faaks de miening fan de redaksje fan de krante)
- Kollums (miening oer eat út it nijs, op ludike of humoristyske wize)
- Resinsjes (ferslagen fan byg. konserten, boeken en foarstellings. De skriuwer seit ek wat hy derfan fûn.)
- Stripferhalen
- Cartoons / spotprintsjes
- Puzels

Opmaak
In kranteberjocht hat de folgjende opmaak:























De 5 W's
Yn in artikel moat antwurd jûn wurde op de 5 W-fragen. Dat binne:
1. Wa?
2. Wat?
3. Wêr?
4. Wêrom?
5. Wannear? En Eventueel kin dêr de fraach 'Hoe?' ek noch by.

1/22/2007

Wurkwize, easken en beoardieling

Wy sille fral yn de klasse, ûnder de lessen Frysk, wurkje oan de skoallekrante. It útwurkjen en it úttipen fan de stikken sille jim thús dwaan moatte. By alle teksten moat ek in foto of plaatsje oanlevere wurde. Mear as ien foto mei ek, dan meitsje wy der in webalbum fan.

De bydragen op dizze weblog sille fral bestean út eftergrûnartikels, ferslagen en ynterviews. Mar ek wisten-jim-datsjes, puzels, spotprintsjes, (foto)stripferhalen en foto's mei ûnderskriften binne fan herte wolkom. Jim kinne jim bydragen (mei foto) stjoere nei kritikater@gmail.com.

Jim krije in sifer op jim bydrage(n). Dêrby wurdt sjoen nei it Frysk (de stavering), de ynhâld en de lingte. Eltse learling moat minimaal 300 wurden en in foto/plaatsje oanleverje. Dat kin ien lang stik wêze of meardere koarte. Mei syn twaen wurkje mei ek, mar dan moat der wol minimaal 600 wurden mei 2 foto's/plaatsjes komme. Wolle jimme in puzel, stripferhaal, spotprintsje of soksawat meitsje, freegje my (VJD) dan earst eefkes oft dat mei (mei ek fia it boppesteande emailadres).

Jim bydragen moatte wol wat om de hakken hawwe en it soe moai wêze as it net allinne mar oer skoalle giet. Ynterviews mei bekende Friezen en oare nijsgjirrige saken út Fryslân kinne ommers ek hiel goed.

Oant no ta binne de folgjende ûnderwerpen neamd foar mooglike bydragen: FeRstival, de stoarm, wisten-jim-dat, 'werken de learaar', fideo-konferensing, moppen, in rebus/puzel, de kar Frânsk-Frysk, de Gedichtedei (elfkes), SC Hearrefean, de poadiumjûn en ynterviews mei de direkteur, Anton & Livius, Doutzen Kroes, Pyt Paulusma en Sipke-Jan Bousema. Dy lêste ynterviews soenen ek dien wurde kinne mei fragen fia email.

Koartsein, it belooft in hiele aardige en nijsgjirrige weblog/krante te wurden!

1/19/2007

Klasse 2 makket Frysktalige skoallekrante


Yn de kommende wiken meitsje de learlingen fan klasse 2 by it fak Frysk in Frysktalige skoallekrante. Hjiryn komme fansels allegear nijsgjirrige saken oer ús skoalle, mar ek it nijs oer Fryslân en it Frysk krijt omtinken.

Alle twaddeklassers skriuwe in bydrage en al dy stikken kinne jimme hjir de kommende wiken lêze sa gau as se klear binne. Uteinlik komt er ek in printe ferzje mei in kar út de bydragen op dizze side. Dy printe skoallekrante wurdt útbrocht krekt foar de krokusfakânsje.

Fanút de fjirde klasse sille Sietske Douma en Lisanne Westerkamp in bydrage leverje oan dizze earste Fryske edysje fan de skoallekrante. As eksamenkandidaten sille sy it nijs beljochtsje fan harren kant.